|
Eveneminten op Otterbergets bad & camping
De Sweedske tradysjes hawwe foar ús grutte wearde. Dêrom geane wy fierder mei de besteande eveneminten en festivals. Op ús evenemintekalinder steane hielwat aktiviteiten fan ús camping en ek fan yn de omkriten.
Fiskwedstryd Alle jierren organisearet in lokale fiskklup yn juny de fiskwedstriid ‘Gösdraget’ fan twa dagen. It trefpunt fan de fiskers is op ús camping en by de boathelling.
Treffen fan platesamlers Yn ferbân mei de jierlikse platebeurs yn juny yn Hova oernachtsje hiel wat platesamlers út ferskate lannen op Otterbergets bad & camping. Om alfêst yn de stimming te kommen foar de platebeurs, wurdt by ús al de earste hannel dien; de samlers ferkeapje en ruilje de earste platen al op de camping.
Midsimmerfeest It Midsimmerfeest – Midsommar - liedt it begjin fan de simmer yn. Dizze folkloristyske happening wurdt alle jierren wiidweidich fierd op de camping mei in maaiebeam en allerhanne festiviteiten.
Akkordeonfestival Mear as tsien jier lyn ûntstien yn de keuken fan it wenhûs op de camping en ûndertusken útgroeid ta in grut en wurdearre akkordeonfestival fan trije dagen. De akkordeonspilers en oare muzikanten spylje mei-inoar yn ferskillende tinten. Op de sneontemiddeis is der in gearstald programma en op sneintemoarn jouwe alle muzikanten mei-inoar in optreden yn de grutste tinte.
It festival is altyd tagelyk mei de Hjerstmerk, yn septimber, yn Hova. In protte muzikanten trede moarns op de Hjerstmerk op en spylje foar bewenners fan it fersoargingstehûs.
|