De natuer yn
Op sa’n 13 km fan de camping leit it natuerreservaat Högsåsen. Foar in
kuiertocht yn dat prachtige reservaat kinne jo kieze út in tsiental rûtes
mei ôfstannen fariearjend fan 1 oant 21 kilometer. Mear ynformaasje:
www.hogsasen.se.
Kinnekulle is in tafelberch, dy’t boppe de fjilden, de ikkers en it blauwe wetter útriist oan de eastkant fan de Vänernmar, tichteby Götene. It heechste punt leit 306 meter boppe seenivo. Yn de boaiem fan it Kinnekulleplateau binne in hiel soad fossilen en der bloeie ferskate seldsume blommen en planten. Foaral yn ‘e maaitiid tige de muoite wurdich om te besjen.
De Vänernmar is de op twa nei grutste mar fan Europa. It is 140 km lang en 73 km breed. Op allerhanne wize kinne jo genietsje fan dizze geweldige mar, bygelyks troch in boatreis te meitsjen fan Otterbäcken ôf nei Störon, Sjötorp of Mariestad mei de 100 jier âlde
M/S Marianne.
Súdeast fan de camping leit it nationale park Tiveden mei betsjoenende oerbosken. It is in wyld lânskip mei restanten út de lêste iistiid lykas reuseftige rotsblokken, prachtige kleauwen en plato's en in hiel soad markes. Yn it park binne ferskillende kuiertochten te meitsjen mei fariearjende ôfstannen. Foar mear ynformaasje: www.naturvardsverket.se.
Aardich sintraal yn Gullspång leit de Salmtrap, dy't yn 2004 boud is mei it doel om de salmpopulaasje oanwinne te litten. Op moaie hjerstdagen kinne jo hjir de salm springen sjen. Foar mear ynformaasje: www.gullspangslaxen.se.
Flakby Örebro, by it doarp Garphyttan, leit de mar Tysslingen dêr't it tilt fan fûgels. Súd fan it doarp leit it nasjonale park Garphyttan oan de foet fan de tichtbeboske Kilsbergen. It park bestiet út bosken, lytse iepen fjilden en tunen, ôfwiksele mei heuvels en stienbulten, en leit yn in âld kultivearre gea. Yn juny is it ferskaat oan blommen dêr it grutst.
Dwers troch Götaland rint it Göta kanal. It kanaal is yn de 19de ieu groeven as in hannelsrûte tusken Stockholm en Göteborg en is 190 km lang. In boattocht oer it Göta kanal jout prachtich útsjoch oer it lânskip en is tige oan te rikkemedearjen. Tusken Sjötorp en Karlsborg komme jo mei-inoar 21 slûzen foarby. Jo kinne op ‘e boat stappe yn Sjötorp, Töreboda of Karlsborg. Foar mear ynformaasje: www.vikenrederi.se.

