Otterbergets bad & camping yn Sweden

Otterbergets bad & camping yn SwedenWy, Catharinus en Agatha Lahaise, binne sûnt ein desimber 2009 de grutske eigeners fan Otterbergets bad & camping yn Sweden. Wy binne optein dat wy wenje en wurkje kinne yn in lân dat wy fanwege de natuer sa moai fine. Fan ús camping ôf, dy’t  midden yn ‘e natuer leit, komme jo mei in boskpaad by it 1 km lange sânstrân mei in geweldich útsicht op de Skagernmar. Dêr kinne jo in plakje sykje op it lisfjild, lekker swimme, fiskje of ferskillende wettersporten beöefenje. It strân is boppedat tige gaadlik foar bern, om't it wetter fan it strân ôf in hiel ein ûndjip is.

In besite oan Otterbergets bad & camping is foaral de muoite wurdich as jo fan rêst en romte hâlde, en fan wetter en strân yn kombinaasje mei tal fan aktiviteiten. Likegoed kultuer- as natuerleafhawwers kinne hjir folop genietsje. De Skagernmar stiet yn de top 20 fan de list fan  grutste marren fan Sweden. It is dan ek 131 kante meter en hat in omtrek fan 100 km. Fanwege de grutte fan de mar binne der in protte mooglikheden foar leafhawwers fan fiskjen, farren, surfen en kanofarren. By ús kinne jo boppedat jo eigen boat yn it wetter litte op ien fan de – pear - boathellings oan de Skagernmar. Fierders kinne jo ek op ‘e fyts of op it hynder om de mar hinne. Dêrfoar hawwe wy spesjale arranzjeminten.


Lizzing

De camping leit tusken Stockholm en Göteborg, yn de provinsje Västergötland, en leit trije kilometer fan de haadwei E20 dy’t dy beide stêden mei-inoar ferbynt. Dit makket de camping  hiel geskikt foar gasten dy’t in langer skoft bliuwe wolle likegoed as foar gasten dy’t op trochreis binne.

It Sweedskeigene fan de camping wolle wy graach sa hâlde. Dêrom geane wy troch mei it organisearjen fan in soad eveneminten op Otterbergets bad & camping. Tegearre mei de pleatslike festiviteiten biedt dit in breed oanbod oer it hiele seizoen. Om koart te gean, foar elk is der wat.

En hawwe jo in hûn? Dy is ek fan herten wolkom. Yn oerlis is oppas mooglik as jo der in dei op út wolle sûnder hûn.

Otterbergets bad & camping is iepen fan 1 maaie o/m 30 septimber.

Graach oant sjen op ús moaie camping yn Sweden! 

Hertlike groetnisse fan Catharinus en Agatha Lahaise

Print
Reservear no!
us-pluspunten
  • Prachtich sânstrân geskikt foar bern
  • Hearlik rêstich, midden yn 'e natuer
  • Foar kultuer- èn natuerleafhawwers
  • Famyljecamping
  • Leit oan fiskryk Skagernmar
  • Boathelling
Us fotoboek  Sjoch mear fotos