Stuga's

Otterbergets bad & camping hat tsien stuga’s (houtene húskes) fan ferskate
grutte. Se binne ienfâldich, mar netsjes en foarsjoen fan in basisynrjochting.
Sa hawwe alle stuga’s in kachel, kofjesetapparaat, wettersieder, panneset,
servys, bestek en binne der ienpersoans dekbêden mei kessens oanwêzich.
Ek hawwe alle stuga’s in túnmeubelset.

Bêdeguod  (lekkens, dekbêdoertrekken en kessenslopen) moatte jo sels meinimme, of kinne jo by ús hiere.


Stuga 2-persoans


7m2

Wy hawwe mei-inoar fjouwer twapersoans stuga’s. Se binne lyts en benammen bedoeld as oernachtingsstuga foar trekkers. Der is in lytse kuolkast oanwêzich.

In keuken, dûs en húske fine jo yn it servicegebou fan ús camping.

           
leechseizoen     
heechseizoen
    de nacht
  de nacht
Stuga 2-persoans   SEK 320   SEK 350


 


Stuga 3-persoans


10 m2

Dizze stuga hat in keukenblokje mei kuolkast en itensiedersplaat. Fierders stiet der in ythoeke en in saneamde trijeslieper. Dat is in steapelbêd, wêrby’t jo fan it ûnderste part ek in twapersoansbêd meitsje kinne.

Om’t dy stuga achter op de camping stiet, hawwe jo in soad privacy.

In dûs en húske fine jo yn it servicegebou fan ús camping.

            leechseizoen      heechseizoen
    de nacht
  de nacht
Stuga 3-persoans   SEK 400   SEK 450


  


Stuga 4-persoans

10m2

Op ús camping steane fjouwer stuga’s fan dizze grutte. Dizze stuga’s binne foarsjoen fan in kuolkast, in ythoeke en twa steapelbêden.

Twa fan de fjouwer stuga’s hawwe in saneamde trijeslieper, wêrby’t it ûnderste bêd in twapersoansbêd is.

In keuken, dûs en húske fine jo tichteby yn it servicegebou.

            leechseizoen
     heechseizoen
    de nacht
  de nacht
Stuga 4-persoans
  SEK 460
  SEK 550


 


Grutte stuga


18m2

Dit is in romme fjouwerpersoans stuga dy't geskikt is foar maksimaal fiif persoanen. It hat in wenkeuken foarsjoen fan in oanrjocht mei rinnend wetter. Fierders is hjir in kuolkast, magnetron, itensiedersplaat, sliepbank en in tv. Yn in aparte sliepkeamer steane twa steapelbêden en in kleankast.

In dûs en
húske fine jo tichteby yn it servicegebou.

            leechseizoen      heechseizoen
    de nacht
  de nacht
Grutte stuga   SEK 550   SEK 650


Klik hjir foar in kompleet taryfoersjoch.

Reservearring is mooglik oer de e-mail, telefoan of troch it ynfoljen fan it reservearringsformulier.

 

Print